Partoer Terpstra wint Sint Anne

18 maaie 2003 - 00:00

By de haadklasse frije formaasje fan de manlju yn Sint Anne wie it partoer fan Klaas Anne Terpstra mei Jan Willem van Beem en Douwe Groenendyk sterker as dat fan Johannes Dijkstra mei Karel Nijman en Folkert van der Wei. Tred waard it partoer fan Simon Minnesma, Kor Zittema en Marten Feenstra.

Foar Klaas Anne Terpstra en-dy is dit nei Stiens ferline wike de twadde oerwinning. Terpstra is op 'e nij ta kening útroppen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)