Sjitterij yn Snits

© Omrop Fryslân
Yn in Snitser hoarekasaak is sneontejûn sketten. In frou hie wurden hân mei in man. Hy wie fuortgien en kaam letter mei oaren werom. De man frege de frou oft se spul socht. Hy skeat in pear kear op de grûn en sloech de frou yn it gesicht. Doe setten de mannen ôf.
De plysje hat gjin ynslaggen of hulzen fûn. Nei alle gedachten is in alarmpistoal brûkt. De plysje ûndersiket it groepke manlju. It slachtoffer hat mooglik in brutsen noas.