Twa mannen mei stekwûnen fûn

18 maaie 2003 - 00:00

De plysje trof sneintemoarn binnen in oere twa mannen oan dy't mei in mes stutsen wienen. In Ljouwerter (31) wie yn it bil en kût stutsen. Letter waard de oar hûndert meter fierderop fûn. Hy hie in djippe snij yn de earm. De man (36) komt nei alle gedachten út Ede.

It is net dúdlik wat der bard is. De plysje giet der fan út dat de saken mei elkoar te krijen ha. Ien slachtoffer hie in betize ferhaal en it oare slachtoffer wie net oansprekber.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)