Nije test foar BSE

18 maaie 2003 - 00:00

Wittenskippers út Amearika en Dútslân ha in nije test ûntwikkele dy't BSE oantoane kin by libbene kij. Dat koe earder inkeld mar fêststeld wurde troch deade bisten te ûndersykjen. De nije metoade kin foarkomme dat kij út foarsoarch romme wurde by fertinking fan de sykte.

By in proef die bliken dat de test folslein presys oanjout hokker bisten besmet binne en oft oaren gefaar rinne. De test moat 40 oant 60 euro kostje.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)