Kursus fûgels tellen

© Omrop Fryslân
Hoefolle fûgels binne der yn Fryslân? Om dat nei te gean is in spesjale telmetoade ûntwikkele. Meikoarten organisearret it Weidevogelmeetnet in kursus dêr't minsken dy telmetoade leare kinne. It tellen is belangryk om't mei de risseltaten foar it earst besjoen wurde kin wat foar effekt oft beskermingsmaatregels hawwe.
It Weidevogelmeetnet organisearret de kursus mei it bûn fan Fryske Fûgelbeskermingswachten.