Akwadukt Houkesleat iepene

17 maaie 2003 - 00:00

It nije akwadukt Houkesleat by Snits is sneon iepene troch Kommissaris fan de Keninginne Nijpels. Mei de oansluting op de rûnwei hoecht it ferkear net mear troch it sintrum fan de wetterpoartestêd.

De oanlis fan it akwadukt hat mear as tweintich miljoen euro koste. Gemeente, provinsje en ryk ha dat mei elkoar betelle. Fan seis oere ôf sneontejûn koe it ferkear gebrûk meitsje fan de nije rûte.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)