Rappe riders ride bisten dea

17 maaie 2003 - 00:00

Achtkarspelen ropt automobilisten op minder hurd te riden. Op de dyk tusken Surhuzum en Harkema wurde hieltyd mear bisten deariden. Dat komt om't automobilisten te hurd ride op It Langfal. Se meie dêr net mear as 80 kilometer yn 'e oere, mar de measte sjauffeurs hâlde har dêr net oan.

Mei de oprop hopet de gemeente dat de bestjoerders har snelheid yn de gaten hâlde om sa foar te kommen dat noch mear bisten deariden wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)