Otterstasjon ûnskuldich

17 maaie 2003 - 00:00

It Otterstasjon yn Ljouwert hat gjin skuld oan de dea fan trije otters, ferline jier yn East-Europa. Meiwurkers waarden mei libbensgefaarlike ferdôvingsmiddels op paad stjoerd nei Letlân en Wyt-Ruslân. Sy soene dêr wylde otters fange om dy dêrnei hjir wer út te setten.

De deadlike ferdôvingsmiddels wiene lykwols troch in bistedokter fan it ministearje foarskreaun. Earder krige it Otterstasjon de skuld.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)