Start G. Japicx betinkingsjier

16 maaie 2003 - 00:00

It Gysbert Japicx betinkingsjier is freed offisjeel út ein set yn Boalsert. It is 400 jier lyn dat de ferneamde Fryske dichter berne waard. Mei in betinkingstsjinst, in boek en in rockopera wurdt de 17-ieuwske skriuwer betocht.

De betinkingstsjinst wie freedtemiddei yn de Martinitsjerke. Ein augustus komt der in kongres oer it belang fan it wurk fan de skriuwer. Popgroep Reboelje sil 4 septimber in rockopera útfiere.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)