FNP noch ûniens mei lintsje

© Omrop Fryslân
De FNP yn Nijefurd is net tefreden oer it antwurd fan boargemaster Boekhoven oer it lintsje foar âld-riedslid Siep Bandstra. Bandstra krige syn lintsje op Keninginnedei. De FNP is it dêr net mei iens, om't Bandstra twa jier lyn yn opspraak west hat.
Hy hie doe syn wenboat by de Wâlsbrêge yn Kolderwâlde dellein wylst er dêr gjin fergunning foar hie. Neffens de boargemaster hat er it lintsje wol fertsjinne foar syn wurk foar de IFKS.