Mear meldingen bernemishanneling

© Omrop Fryslân
It tal meldingen fan bernemishanneling yn Fryslân is mei de helte tanommen. Ferline jier wiene der 300 meldingen, 100 mear as it jier dêrfoar. Dat docht bliken út sifers fan it Advies- en Meldpunt Kindermishandeling yn Ljouwert.
De measte meldingen fan mishanneling, psychysk geweld en misbrûk wurde dien troch famylje, buorlju of kennissen. Lanlik is it tal meldingen mei 20% tanaam.