Soan bedriget mem yn Damwâld

16 maaie 2003 - 00:00

De plysje hat tongersdei in 27-jierrige man út Damwâld oanholden om't er syn mem bedrige hie. De fertochte woe de wenning fan syn mem yn, mar dy woe dat net en warskôge de plysje.

Doe't de plysjes de man oansprutsen, fersette er him en woe er ien fan de plysjes in klap jaan. De plysje moast pepperspray brûke om de fertochte oanhâlde te kinnen. De man is meinommen nei it buro en hat proses-ferbaal krigen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)