In soad skoalfersom yn Snits
Yn Snits bliuwe in protte learlingen thús fan skoalle. Foarich skoaljier wiene der 350 meldings fan skoalfersom op in totaal fan 5000. It fersom yn Snits is dêrmei 6 prosint en dat is heger as it lanlik gemiddelde. Neffens de gemeente komt dat troch it grut tal probleemgesinnen yn Snits.
De gemeente makket him fierder soargen oer de bern dy't wachtsje op spesjaal ûnderwiis. Sy feroarsaakje in soad ûnrêst yn de wenwiken.