Fúzje organisaasjes Raerd faai

16 maaie 2003 - 00:00

De fúzje fan trije plattelânsorganisaasjes yn Raerd stiet mooglik faai. It giet dêrby om de Feriening Lytse Doarpen, Doarp en Bedriuw Fryslân en de stifting Dorpshuizen Friesland (SDF).

De SDF moat dêrfoar ferhúzje nei Raerd dêr't de twa oare organisaasjes ek al sitte. Mar de hier is sa'n 10.000 euro te heech foar it SDF, dy't de provinsje om ekstra jild freget. As dat der net komt, keart de wâl it skip seit de SDF.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)