Reklassearingsman feroardiele

15 maaie 2003 - 00:00

De rjochtbank yn Ljouwert hat in reklassearingsamtner (45) ta 200 oeren wurkstraf feroardiele. De man lekte neffens de rjochtbank ynformaasje oer in fertochte nei dy syn freondinne en famylje.

De fertochte fan moard mocht mei nimmen kontakt hawwe. De amtner besoarge dochs brieven fan him oan syn freondinne en hâlde kontakt mei syn broer. De reklassearingsman hat syn flater tajûn. Hy is syn baan ûnderwilens kwytrekke.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)