Knuffels foar Irak

15 maaie 2003 - 00:00

Skoalbern út Jirnsum ha tûzenen knuffelbisten ynsammele foar bern yn need yn it Midden-Easten. De 'koezels' waarden tongersdei troch stifting Motherhood mei in frachtwein ophelle. Sy sille se útdiele oan bern yn Irak, Israël en Palestina.

Om Peaske hinne binne de knuffels ynsammele. De stichting is tefreden mei de resultaten mar giet ek troch mei jild ynsammeljen foar medisynen en iten.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)