CNV: Bylsma mooglik fallyt

© Omrop Fryslân
De kans is hiel grut dat skipswerf Bylsma yn Warten fallyt giet, sa tinkt fakbûn CNV. De werf hat útstel fan betelling oanfrege omdat de bank it kredyt opsein hie. De lêste twa jier wiene de risseltaten min.
It útstel fan betelling jildt allinne foar de werf yn Warten, net foar de festiging op 'e Lemmer. Mei in fallisemint soene 71 wurknimmers dien krije. It útstel fan betelling kaam dit fakbûn tige oer it mad.