Opknappen doarpen Dongeradiel

15 maaie 2003 - 00:00

Fiif doarpen yn de gemeente Dongeradiel wurde meikoarten opknapt. Foar goed 860.000 euro wurde Moarre, Foudgum, Ingwierrum/Dokkumer Nije Silen, Ie en Hantumhuzen werynrjochte. De doarpen ha dêr sels plannen foar yntsjinne.

In grut part fan it jild giet op oan de oanlis fan riolearring. De wurksumheden soene al folle earder útfierd wurde, mar de subsydzje lit op him wachtsje. Yn guon gefallen is dy noch hieltyd net tasein.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)