Gjin provinsjejild foar NNBT

© Omrop Fryslân
It bestjoer fan it Noord Nederlands Buro voor Toerisme yn Drachten praat freed fierder oer de takomst fan it buro. De steatekommisjes fan Grinslân en Drinte ha woansdei praat oer finansjele stipe foar it buro.
It NNBT hat de 3 noardlike provinsjes in bydrage fan 2.500.000 euro frege. Grinslân en Drinte wolle der gjin jild mear ynstekke. Deputearre Mulder praat nije wike woansdei mei de VVV's oer in toeristeburo allinne foar Fryslân.