Teuben wint op it Hearrenfean

© Omrop Fryslân
Tonny Teuben (37) fan De Knipe wûn woansdeitejûn it 54ste hurdfytskriterium op it Hearrenfean. Yn 'e finale wie Teuben de rapste fan in kopgroep fan fiif man. Sander Hup fan Kampen waard twadde, Pim van den Berg fan Emmen tredde.
Sierd Steigenga fan Eksmoarre - in dei earder winner fan it kriterium op 'e Jouwer - kaam as fjirde oer de einstreek, it talint Jennig Huizinga fan Frjentsjer waard fyfde.