Goutum mei gjin bradery hâlde

© Omrop Fryslân
De feestkommisje fan Goutum wol fan de gemeente Ljouwert witte wêrom't der mei it doarpsfeest gjin bradery holden wurde mei dit jier.
De feestkommisje hie fergunning frege om in tritich profesjonele keaplju in plakje te jaan op de doarpsbradery. De fergunning is net jûn. De feestkommisje fynt dat ûnbegryplik om't it nije doarpsplein alle romte biedt. It doarp hat gjin winkels, dus ha pleatslike middenstanners der gjin lêst fan.