Kreakers meie earst bliuwe

© Omrop Fryslân
De kreakers fan it Steinvoorte-kantoar oan it Zuiderplein yn Ljouwert meie bliuwe. De eigner fan it gebou, de stifting Roelof Steinvoorte, sil foarearst gjin aksje ûndernimme. Dat hat ponghâlder Schumacher fan de stifting sein.
Hy seit ek dat it kantoar pas wer nijsgjirrich foar har wurdt as ek de eigners fan oare gebouwen yn it rychje har gebou opkreazje wolle. Sa lang as dat net sa is, meie de kreakers bliuwe.