Noch net mear debat by dualisme

© Omrop Fryslân
It eksperimint om mear debat te krijen yn de ried fan Tytsjerksteradiel is noch net slagge. De riedsleden hâlde noch altyd lange ferhalen en gean te folle yn op details. Dat jout in earste evaluaasje oan fan de nije wize fan fergaderjen troch de ried.
Maart foarich jier is yn alle Nederlânske gemeenterieden it dualisme ynfierd, mar yn Tytsjerksteradiel al yn septimber 2001. Nei de simmerfakânsje praat de ried fierder oer it dualisme.