Tichelaar yn tunnel Amsterdam

12 mrt 2012 - 17:19

Tichelaar yn Makkum is begûn mei de lêste faze fan in 108 meter lang tegeltablo foar in fytstunnel yn Amsterdam, by it Sintraal Stasjon. It giet om in replika dat 50 kear sa grut is as it oarspronklike tablo fan 2.5 meter yn it Ryksmuseum.

Twa skilders fan Tichelaar binne in jier drok mei it beskilderjen fan 77.000 tegels yn Delfts Blau, dy't ek bakt binne troch it bedriuw. Der komt in hege kwaliteit glazuer oerhinne sadat de tegels net skeind wurde troch bygelyks grafittyfandalisten. Oer in jier wurdt de fytstunnel yn gebrûk naam.

Trefwurden: 
Makkum Tichelaar
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)