Stranger alkoholbelied

14 maaie 2003 - 00:00

Alkohol yn Ljouwerter klubhuzen, sportferieningen en buertsintra moat beheind wurde. De gemeente komt dêrmei hoareka-ûndernimmers temjitte. Dy fine de ferkeap fan alkohol yn ynstellingen dy't net kommersjeel binne ûnearlike konkurrinsje.

De regels dy't foar hoarekasaken jilde, moatte ek fan krêft wurde yn sportkantines en buertsintra. Sa mei in feriening twa oeren nei in evenemint gjin alkohol mear ferkeapje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)