Trajektkontrôle docht fertuten

13 maaie 2003 - 00:00

De provinsje is tefreden oer de proef mei trajektkontrôle foar te hurd op de N381 by Wynjewâld. Deis ride dêr 12.000 oant 14.000 auto's del. By trajektkontrôle wurdt de faasje fan it ferkear metten oer in beskate ôfstân. Folle minder auto's as oars ride te hurd op dat stik dyk.

Trajektkontrôle sil tenei ek op oare plakken tapast wurde. Undersocht wurdt noch oft der no mear slûpferkear troch de doarpen is.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)