Minder Sineeske studinten

© Omrop Fryslân
Der komme it nije stúdzjejier minder studinten út Sina nei Van Hall. Dat hat te krijen mei it SARS-firus. Dosinten fan de Ljouwerter hegeskoalle koenen net nei Sina om talittingseksamens ôf te nimmen. It giet om sa'n tweintich studinten op 550 earstejiers.
De twa Sineeske studinten dy't op besite west ha yn har heitelân, binne wer werom. Se ha gjin sûnensproblemen. Ien fan har is al op skoalle, de oare bliuwt noch in pear dagen thús.