King Lear yn Kalma-oersetting

13 maaie 2003 - 00:00

King Lear fan Shakespeare ferskynt ein maaie yn de klassike oersetting fan Douwe Kalma. De oarspronklike fertaling is omstavere. Eric Hoekstra skreau der in ynlieding by. De útjefte is it earste diel yn de rige werútjeften fan Kalma syn Shakespeare-oersettingen.

Alle jierren ferskine twa dielen. Yn 'e hjerst wurde trije komeedzjes útbrocht. It projekt is in gearwurking tusken de stichting ELF (Elektroanyske Letteren Fryslân) en útjouwerij Bornmeer.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)