Jong Hearrenfean is kampioen

© Omrop Fryslân
Jong Hearrenfean is moandei kampioen fan Nederlân wurden. Yn de lêste kompetysjewedstriid fersloech it belofteteam yn Amsterdam jong Ajax mei 1-3. De ploech fan trener Jan de Jonge hat 44 punten út 22 wedstriden helle. Dêrmei ha se trije punten mear as Willem II, de grutste konkurrint. Ek Willem II wûn moandei, mei 3-2 wienen se sterker as FC Twente.
It is noch ûndúdlik wannear't de Friezen huldige wurde.