Hurde wyn by HT-race

© Omrop Fryslân
It spande der moandeitemoarn om by de start fan de 57e HT-race. De sylwedstriid wie hast net trochgien, fanwege de hurde wyn.
Hast twahûndert skippen dogge dit jier mei oan de race fan Harns mei Skylge en werom. Nei in ynsinking de ôfrûne jierren is no it dielnimmerstal wer goed op peil. In kwart fan de dielnimmers fan dit jier sylt de wedstriid foar it earst.