Gemeente sil De Skâns helpe

12 maaie 2003 - 00:00

De gemeente Opsterlân komt De Skâns op De Gordyk temjitte om it kultureel sintrum út de finansjele problemen te heljen. De Skâns is it ôfrûne jier finansjeel yn swier waar kaam en hat in tekoart fan dik in ton.

De gemeente sil no foar in bedrach fan 40.000 euro it ûnderhâld fan De Skâns oernimme. De problemen ûntstienen nei't De Skâns de eksploitaasje fan de hoareka yn eigen behear nommen hie. De opbringsten falle ôf.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)