Stroomsteuring yn Drylts

12 maaie 2003 - 00:00

Drylts hat moandeitemoarn twa oeren sûnder stroom sitten. De steuring begûn om likernôch 09.00 oere. Neffens Nuon wiene der problemen mei in kabel. De stroom moast dêrom earst omlaat wurde.

Krekt foar alven wie de steuring wer foarby. Net de hiele stêd siet sûnder stroom, mar ûnder oare it âldereintehûs en de supermerk waarden wol troffen. It treinferkear tusken Starum en Ljouwert rûn fertraging op om't de seinen net goed wurken.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)