Fjoerwurkopslach noch net wis

12 maaie 2003 - 00:00

It is noch net dúdlik oft der wol fjoerwurkopslach komt op it eardere terrein fan Muiden Chemie yn it Lauwersmargebiet. Pronk, de eardere minister fan Vrom, hie tasein dat alles op 1 maart 2003 wol rûn wêze soe, mar der is noch neat regele.

De 45 fjoerwurkbedriuwen dy't in plakje krije soene yn de Kollumerwaard ha net folle belangstelling foar de lokaasje. It soe te fier fuort wêze. De Flevopolder soe mear foar de hân lizze.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)