Lûdsoerlêst yn Snits

11 maaie 2003 - 00:00

De plysje krige sneontejûn in melding binnen fan lûdsoerlêst yn de Edo Jongamastrjitte yn Snits. De plysje trof in groep fan 20 persoanen oan by in barbecue. In 22-jierrige man waard lilk doe't er troch de plysje oansprutsen waard op de lûde muzyk.

It wie net mooglik foar de plysje om te praten mei de oanwêzigen. De groep waard frege om fuort te gean, mar dat barde net. De groep is mei ynset fan hûnen út inoar dreaun.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)