Toertocht ferstanlik handikapten

11 maaie 2003 - 00:00

Sa'n 150 ferstanlik handikapten diene sneon mei oan in spesjaal foar har organisearre toertocht. De tocht gong mei tachtich gemeentlike frachtauto's, wêrûnder jiske- en feiweinen, troch it Súdeasten fan Fryslân.

De 80 km lange tocht wie organisearre troch meiwurkers fan de ôfdieling bûtentsjinst fan de gemeente Smellingerlân. De handikapten hawwe har tige fermakke mei de tocht.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)