Fyts-, mûne- en gemaledei
It wie sneon nasjonale fyts-, mûne- en gemaledei. Dat betsjutte rûnom fytstochten en iepenstelde gemalen en mûnen. Yn nôt- en pelmûne De Zwaluw yn Burdaard koene minsken pankoeken ite.
De opbringst wie ornearre foar strjitbern yn Rio de Janeiro. It moaie waar luts in protte minsken nei de iepenstelde en foar in part yn wurking stelde mûnen en gemalen.