Famylje Vaatstra ferbjustere

© Omrop Fryslân
De famylje Vaatstra is ferbjustere dat justysje no nochris sykje sil nei de 23-jierrige Mohammed Akbari. De man wie fuort nei de moard op Marianne yn 1999 al bekend, mar net as fertochte. Tsjin de Afgaan, dêr't no ynternasjonaal nei socht wurdt, hiene de Vaatstra's fan begjin ôf wichtige fertinkings.
Akbari wie al yn byld by justysje doe't er mei in Iraakse asylsiker ferdwûn út it azc yn Kollum. Op 1 july rint it moardûndersyk ôf.