Bierreboelje yn Stiens

10 maaie 2003 - 00:00

It is op it stuit bierreboelje yn Stiens. Dit wykein binne dêr de Stienzer keatsdagen en is der merke. Der is spul ûntstien oer it behear fan de biertaap yn de feesttinte.

Net alle kroegen profitearje like folle fan it feest en dat moat oars, fine de dupearren. Dit jier hat kafee De Slok de taapfergunning krigen. De lêste jierren krige Kafee De Smelle Brêge dy altyd. It hat sels al laat ta in rjochtsaak.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)