Helmond Sport - Cambuur: 3-0

10 maaie 2003 - 00:00

Helmond Sport hie freedtejûn net folle muoite mei Cambuur Ljouwert. Foar 1987 taskôgers boekten de Brabanners in regelmjittige oerwinning fia goals fan Heesakkers, Van Dinteren en Streppel. Cambuur wist dêr net folle tsjinyn te bringen. Wol krigen Cambuur-spilers Veltman en Heldens in giele kaart.

Foar Helmond Sport wie de wedstriid fan belang, omdat de klub folop yn 'e race is foar de lêste perioade. Foar Cambuur stie der neat mear op it spul.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)