Oername houtbedriuw

09 maaie 2003 - 00:00

Betonbedriuw De IJsselmeergroep út De Lemmer hat houtbedriuw Groot Lemmer oernommen. De IJsselmeergroep hat festigings op 'e Lemmer, Emmeloord en Brazilie. By it bedriuw wurkje 175 wurknimmers. By Groot Lemmer wurkje no 75 minsken.

De IJsselmeergroep wol nei de oername fan it houtbedriuw in totaalkonsept ûntwikkelje. Dêrby kinne troch ien bedriuw prefab eleminten fan beton en hout oanbean wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)