Schuurmans makket soloprogramma

09 maaie 2003 - 00:00

Sjongeres Maaike Schuurmans komt yn 'e maaitiid fan 2004 mei in Frysktalich soloprogramma. Rients Gratama sil de teksten foar it programma skriuwe. It wurdt in programma oer it libben fan Mata Hari mei humor en in soad muzyk, mar ek mei in knipeach nei de ferwachtings fan froulju hjoeddedei.

De subtitel fan it programma wurdt 'In smoarchfamke út Ljouwert'. Schuurmans hat de ôfrûne jierren yn Nederlânske en Dútse musicalls songen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)