Harnzer haven wreidet út

09 maaie 2003 - 00:00

De útwreiding fan de yndustryhaven fan Harns is freed offisjeel út ein set. Under tafersjoch fan kommissaris Nijpels waard de dyk tuske it âlde en nije part trochstutsen.

Nijpels makke by dy gelegenheid bekend dat wer twa nije bedriuwen har melden ha foar in plak oan de haven. It giet om in logistyk sintrum en in kartonfabryk, goed foar twahûndert arbeidplakken. Tachtich prosint fan de nije havengrûn is no ferkocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)