Priis foar Marrumer supermerk

09 maaie 2003 - 00:00

De bêste supermerk fan Fryslân stiet yn Marrum. Eigner Doede Simonides hat dy titel krigen fan de Vakcentrale Levensmiddelen, dy't it ûndernimmerskip yn de sektor stimulearje wol.

Neffens de organisaasje nimt Simonides mei syn winkel in unyk plak yn it doarp yn en hat er in wichtiche sosjale funksje. Kommissaris Nijpels oerlange de priis. Hy wie grutsk op de jonge ûndernimmer en rôp plattelânsbewenners op om yn it eigen doarp te boadskipjen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)