Utstel fan betelling Storteboom

09 maaie 2003 - 00:00

Pikeslachterij Storteboom fan Kornhorn yn Grinslân hat tongersdei de 300 meiwurkers nei hûs stjoerd. It bedriuw hat útstel fan betelling oanfrege. Storteboom wie yn ûnderhanelling mei it Ingelske bedriuw Two Sisters oer oername, mar dat bedriuw is ôfheakke.

De maleur by Storteboom is in grutte klap foar Achtkarspelen, want de helte fan 'e 300 meiwurkers wennet dêr. In soad pikehâlders hawwe noch jild tegoede fan Storteboom.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)