Winststiging 25% Fryslân Miljeu

09 maaie 2003 - 00:00

Fryslân Miljeu hat yn 2002 finansjeel goed buorke. It netto-bedriuwsresultaat is tanaam ta 509.000 euro. Dat is yn stiging fan 25 persint yn ferliking mei de sifers fan 2001. Fryslân Miljeu fersoarget yn 15 Fryske gemeenten ûnder mear de ynsammeling en ôffier fan ôffal.

Neffens direkteur Doppenberg is de winststiging te tankjen oan de útwreiding fan it tal gemeenten dêr't it bedriuw foar wurket. Ek is de bedriuwsfiering effisjinter wurden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)