500 nije hierwenten SW-Fryslân

© Omrop Fryslân
Der komme tusken no en fiif jier 500 nije hierwenten by yn Súdwest-Fryslân. Dat hawwe wenningboukorporaasjes en oerheden tongersdei ôfpraat op in sympoasium yn Snits. Dêrmei moat wat dien wurde oan de grutte wenningneed.
De gemeenten binne ree om goedkeape grûn foar de 500 wente beskikber te stellen. De wenningboukorporaasjes akseptearje in ferlies fan 50.000 euro per wente. De wenten komme yn de plakken dêr't it ferlet it grutst is.