'Beammen op dykswâlen kapje'

09 maaie 2003 - 00:00

De feriening Eastermars Lânsdouwe is benaud foar it ferdwinen fan de dykswâlen as de gemeente Tytsjerksteradiel gjin kapfergunning jout. Neffens de feriening hat it hûnderten jierren sa west dat de beammen op de dykswâlen om de 25 jier ôfseage waarden.

Op de stobben fan de beammen komme dan wer nije útrinners. De gemeente wol lykwols net dat de wâlen keal makke wurde, om't dat earst net sa moai liket.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)