Mfc Surhústerfean moat besunigje

© Omrop Fryslân
Der sil flink besunige wurde moatte by multyfunksjoneel sintrum It Vleckehûs yn Surhústerfean. Neffens wethâlder Postma binne in tal kosten te heech en sil der op in tal posten flink beknibbele wurde moatte.
It giet dan bygelyks om behearsk- en skjinmakkosten. Ien en oar kaam tongersdeitejûn nei foaren yn de riedsgearkomste fan Achtkarspelen. It mfc hat te krijen mei te min gebrûkers en technyske swierrichheden.