Boargemaster siket Sinees

08 maaie 2003 - 00:00

De boargemaster fan Ferwerderadiel is op syk nei in Sinees. Van den Berg sit yn noed oer de delgong fan it tal foarsjennings yn syn gemeente. Boppedat fynt er dat der te min restaurants binne. Hy hat no de Keamer fan Keaphannel ynskeakele.

De lêste fiif jier binne in soad winkels tichtgien yn 'e gemeente en is der in protte leechstân. Neffens Van den Berg docht in Sineesk restaurant it goed yn Ferwert.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)