Brêgewipper tydlik yn kontener

08 maaie 2003 - 00:00

De brêgewipper yn Spannenburch krijt tydlik ûnderdak yn in kontener. It brêgewippershúske waard woansdei foar hûnderttûzenen euro's skansearre by in oanfarring mei in grut ponton. Dêrop stiene twa grutte skipsûnderdielen. It húske moat fan it fûnamint ôf opnij opboud wurde.

Meastentiids is yn sokke gefallen de sleepboatkaptein oanspraaklik. Oft dat hjir ek sa is, moat noch útsocht wurde. De segminten binne fan CMF Drachten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)